K-rûte: DJ Steff Da Campo
icon_played Created with Sketch. 0

#Reportage

By clubhouse moatst tinke oan de muzyk fan wrâldferneamde dj's as David Guetta en Laidback Luke. Dochs stappe der yn Fryslân ek dj's rûn yn dat segmint fan de house, dy't -- no noch op beskiedener nivo -- flink oan de wei timmerje. Ien fan dizzen is de 31-jierige dj Steff Da Campo (alias fan Steffen de Vries) út Ljouwert. Steffen beguon dik 10 jier lyn as dj yn de doetiidske Hof Van Holland-diskoteek yn Berltsum. Tsjinwurdich libbet hy fan de muzyk. Hy bringt syn eigen platen út en draait sawat elk wykein op ferskate plakken yn Fryslân mar stie bygelyks ek op Dance Valley yn Spaarnwoude. Ek draaide Steffen al ris op SLAM! FM en sil ynkoarten wer wat foar dit wichtichste house medium op de Nederlânske radio oanleverje. Reden genôch foar Douwe Talma om ris efkes foar de K-Rûte yn Steff Da Campo's muzikale keuken yn Ljouwert te sjen en om mei te gean nei ien fan syn optredens yn Grins.

icon_wave Created with Sketch.